Fjoerwurk yn beslach naam

01 okt 2004 - 15:57

De plysje Fryslân hat meiwurke oan 'e ynbeslachname fan 9500 kilo fjoerwurk. Fiif fertochten binne oanhâlden. De aksjes waarden útfierd op fjouwer ferskate plakken yn it noardeasten fan Nederlân. Wêr't dat wie, wol it Iepenbier Ministearje - dy't opdracht ta de aksjes joech - noch net sizze. It giet om in transport út Dútslân.

Hûndert plysjes en opspoaringsamtners hawwe meiwurke oan 'e aksje. Mooglik komme noch mear oanhâldings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)