Fjoerwurk yn beslach naam

13 des 2002 - 00:00

Fyftjin plysjes en amtners fan it ministearje fan VROM hawwe op it yndustryterrein by de Jouster rotonde in grutte partij Sineesk fjoerwurk yn beslach naam. It soe net goed ferpakt wêze. 22 Ton siet yn metalen koaien en dy binne net feilich, seit TNO. Dyselde koaien binne lykwols by in oar bedriuw wol goedkard.

Yn de bunkers by Evuco op 'e Jouwer sit noch 50 ton fjoerwurk. Dat is neffens VROM wol goed ferpakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)