Fjoerwurk by Waarme Winternacht

17 nov 2005 - 16:03

Op it tradisjonele âld- en nij-feest yn it FEC yn Ljouwert, de Waarme Winternacht, is dochs wer fjoerwurk. It feest moast it jierrenlang sûnder it fjoerwurk dwaan nei de rampen yn Enschede en Volendam. It soe net feilich wêze. Mar dit jier is der dus wer fjoerwurk.

As ôfsluter fan it feest is der in optreden fan De Jeugd van Tegenwoordig. De groep nimt op dit momint in single op mei Katja Schuurman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)