Fjoerwurk by slotdebat Provinsjale Steateferkiezings

18 mrt 2015 - 07:28

Fjoerwurk tiisdeitejûn by it slotdebat foar de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten. De listlûkers fan de grutste partijen krigen de kâns om yn in live tillevyzje-útstjoering har wichtigste stânpunten nochris dúdlik te meitsjen. Woansdei mei der stimd wurde, en dus wie tiisdeitejûn it ideale momint om mooglike sweefjende kiezers noch oer de streek te lûken.

Underwerpen dy't oan bar kamen wienen ûnder oaren it ljipaaisykjen, it iepenbier ferfier en - nei alle gedachten - it grutste ûnderwerp fan de ferkiezings, de wynmûnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)