Fjoerwurk-ôffal feroarsaket brân yn frachtwein fan Omrin

02 jan 2016 - 12:07

De kontener fan in frachtwein fan ôffalferwurker Omrin is sneontemoarn yn brân flein troch fjoerwurk. De meiwurker helle mei syn wein yn Ljouwert fjoerwurk en oar âld en nij-ôffal op. Koarte tiid letter kaam der reek út de laadbak en die bliken dat it ôffal yn brân stie.

De sjauffeur hat besocht sels de brân te blussen mei in poeierblusser, mar úteinlik moast de brânwacht útrukke om de brân te blussen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)