Fjoerwurk noch net werom

18 des 2002 - 00:00

Fjoerwurkymporteur Evuco fan De Jouwer hat har fjoerwurk noch net werom. Ferline wike tongersdei helle it ministearje tritichtûzen kilo fjoerwurk by it bedriuw wei, om't it net feilich ferpakt wêze soe. De Steatsrie bepaalde lykwols dat dat net terjocht wie.

Evuco hopet it fjoerwurk gau werom te krijen, benammen om't it no in drokke perioade is. It ministearje hat lykwols noch oant sneon om dochs oan te toanen dat it guod gefaarlik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)