Fjoerwurk en brânbom tsjin rút

01 jan 2008 - 14:23

Yn in wente oan de Skoalbuert yn Makkum is âldjiersnacht in stik swier fjoerwurk troch in rút sketten. Dêrtroch ûntstie in eksploazje. De bewenners binne troch in wûnder net ferwûne rekke. Troch de eksploazje waarden de meubels swier skansearre.

In Harnzer (30) smite âldjiersnacht in molotovcocktail tsjin it rút fan in leechsteande wente yn Frjentsjer. De man is oanhâlden foar brânstichting. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)