Fjoerwapen tsjin holle drukt

16 feb 2010 - 09:47

In man fan 19 jier út Ljouwert is moandeitejûn bedrige mei in fjoerwapen en bestellen. Dat wie om kertier oer achten hinne yn 'e Euterperstrjitte yn syn wenplak.

Twa manlju mei bivakmûtsen op foelen de Ljouwerter oan en wurken him tsjin de grûn. Se drukten him in fjoerwapen tsjin 'e holle en easken jild en sieraden. Se naaiden út mei syn beurs, in gouden ketting, in ring en in tas mei dêryn in digitale fotokamera.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)