Fjoerwapen, munysje en drugs fûn yn wenning Ljouwert

11 nov 2015 - 09:51

De plysje hat tiisdei in 51-jierrige Ljouwerter oanhâlden, nei't yn syn hûs yn de wenwyk Skieringen in fjoerwapen, munysje en harddrugs fûn wiene. De plysje kaam de man op it spoar nei in anonime tip.

De Ljouwerter hie it wapen en de drugs ferstoppe yn in kast. De drugs wiene neffens de plysje bedoeld foar de ferkeap. It guod is yn beslach naam. De Ljouwerter sit fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)