Fjoerwapen en mishanneling

01 sep 2010 - 09:53

De plysje hat in man (24) oppakt út Skarsterbrêge. Hy wurdt fertocht fan fjoerwapenbesit. Nei in tip gie de plysje by him op besite. Yn syn hûs waard yndie in fjoerwapen fûn.

In man (28) út Drachten is troch de plysje oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht dat er in buorfrou mishannele hat. De frou klage oer lûdsoerlêst. De man pakte har sa stevich beet dat se ferwûne rekke oan de earm. Hy hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)