Fjoertoerwachters meie bliuwe

16 mrt 2010 - 22:48

De fjoertoerwachters op Skylge moatte oan it wurk bliuwe, sa lang net oantoand is dat it nije ferkearssintrum op it eilân goed wurket. Dat hat in mearderheid fan 'e Twadde Keamer tiisdei besletten.

De Fryske keamerleden Lutz Jacobi fan de PvdA en CDA-er Joop Atsma wolle earst seker witte oft de feiligens op it wetter op peil bliuwe sil as de fjoertoerwachters op de Brandaris ferfongen wurde troch kamera's en in radar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)