Fjoertoertocht sûnder fjoer

05 apr 2013 - 15:13
  • Dizze fjoerkuorren op it strân meie net oanstutsen wurde
  • Stodunen op it strân fan Skylge

De fjoertoer kuiertocht fan sneon op Skylge wurdt in hiel bysûndere. Om't it hiel droech is op it eilân mei der gjin fjoer stookt wurde en dat wylst de tocht krekt dêr om bekend stiet. De tocht fan 42, 21 of 15 kilometer dy't foar in grut part yn it tsjuster rûn wurdt sil no ferljochte wurde mei lampen.

De organisaasje hat ek noch oare problemen. Troch de hurde wyn fan de lêste wiken binne der stodunen foarme fan wol in meter heech. Dy wurde mei in shovel fuorthelle.

Rykswettersteat en Steatsboskbehear hawwe tastimming jûn foar it skowen fan it sân, al moatte se wol 50 oant 100 meter fan de dúnkant ôfbliuwe. Op de rûte is ek keunst te sjen fan Carolien Schot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)