Fjoertoerskilder op herhelling

17 mrt 2014 - 16:54
  • Skilders binne drok dwaande met de koepel
  • Evert Hoekstra skilderet de fjoertoer al foar de twadde kear
  • Hoekstra by it skilderjen fan de fjoertoer 40 jier lyn
  • De reade fjoertoer stiet hielendal yn 'e steigers

In bysûndere klus op Skiermûnsteach. De reade fjoertoer, oftewol de 'Noordertoren' wurdt hielendal opknapt. Dat barde foar it lêst yn 1974. De toer wurdt fan binnen en bûten brânfeiliger makke en hielendal skildere. Ien fan de skilders Evert Hoekstra. Fjirtich jier lyn wie er ek belutsen by de renovaasje. Doe as 17-jierrige skildersjonge.

No docht Hoekstra dus deselde skildersklus. Al is der wol hiel wat feroare. Doe wie it noch it âlderwetske klim- en klauterwurk en hast gjin steigers.

Anno 2014 is de de hiele fjoertoer foarsjoen fan in steiger mei wurknivo's en wynkleden. It is dan ek in drokte fan belang yn en op de toer. Der binne sa'n tolve man dwaande: skilders, timmermannen en ynstallaasjeminsken.

De renovaasje fan de fjoertoer fan Skiermûntseach leit op skema. It wurk wurdt útfierd troch boubedriuw Dykstra Draisma. De planning is dat de fjoertoer yn juny wer yn bedriuw giet. Oant dy tiid wurkje de ferkearslieders fanút in needlokaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)