Fjoertoerrin wer grut sukses

28 jul 2008 - 17:32
  • De toer hat 236 treptreden
  • It rekôrd is net brutsen

De Amelanner fjoertoerrin waard moandei wer ferrûn. Foarich jier diene der 68 minsken mei, dit jier 63, allegear toeristen. En fanwege it waarme waar falt dat de organisaasje bot ta. Doel is om sa gau mooglik boppe yn de fjoertoer te kommen en dat betsjut dus 236 treptreden opdrave.

It rekord fan ferline jier stie op 57 sekonden. Moandei wie de bêste tiid fan in Dútser: 1 minút en acht sekonden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)