Fjoertoer Skier wurdt opknapt

23 okt 2013 - 16:41
  • De fjoertoer fan Skiermûntseach

De renovaasje fan de fjoertoer fan Skiermûntseach wurdt dien troch bougroep Dijkstra Draisma. Dat hat Rykswettersteat bekend makke. De wurksumheden begjinne ein november en duorje nei alle gedachten sa'n healjier. De ferkearslieders wurkje yn dy moannen út in alternative lokaasje neist de fjoertoer. De renovaasje is bedoeld om de húsfesting fan de ferkearslieders op de fjoertoer te modernisearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)