Fjoertoer fan bierkretten

14 apr 2007 - 16:23
  • mei 1330 bierkretten wurdt de fjoertoer boud
  • de toer is goed acht meter heech

Op Skiermûntseach hat der dit wykein in fjoertoer by. Fjouwer studinten fan de TU Delft bouden freedtejûn op it terras fan kafee It Aude Beuthûs in fjoertoer fan bierkretten. It gefaarte, makke fan 1330 lege bierkretsjes, is goed acht meter heech.

De stunt wie betocht om it 25-jierrich jubileum fan it kafee te fieren. Neffens de studinten kin de toer wynkrêft seis trochstean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)