Fjoertoer Amelân ticht

19 des 2003 - 00:00

De fjoertoer fan Amelân giet definityf ticht. Dat hat boargemaster Verhoeven fan it eilân freed befêstige. Meiwurkers ha te hearren krigen, dat der in oar plak foar har socht wurdt.

Ek de fjoertuorren op Skiermûntseach en Skylge driigje ticht te gean. Ynkoarten makket Rykswettersteat dúdlik hoe't it de feiligens op it wetter no garandeare wol. Redery Wagenborg fynt it in minne saak dat der op de fjoertoeren besunige wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)