Fjoerbal by Friesland Foods

09 okt 2007 - 09:21

By in koarte, fûle brân by Friesland Foods yn Ljouwert is moandei in man (53) út Harns slim ferwûne rekke. By wurk yn de skeakelromte ûntstie in fjoerbal. It slachtoffer waard yn earste ynstânsje mei brânwûnen nei it MCL yn Ljouwert brocht, mar moast letter oerbrocht wurde nei it UMCG yn Grins.

De arbeidsynspeksje sil in ûndersyk ynstelle nei de brân by Friesland Foods.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)