Fjoer Skylge oanstutsen

16 maaie 2004 - 00:00

Nei alle gedachten is it fjoer op Skylge oanstutsen. Alle brânwacht- korpsen fan Skylge binne ynset. Ek ha sa'n 50 eilanners en badgasten in 'fjoerslange' makke by it dwêsten.

Ek is der in helikopter ynset fan de Keninklike Luchtmacht yn Soesterberg. By it dwêsten waard lykwols dúdlik dat de blushelikopter it net alhiel oankoe. Dêrom is ekstra in Chinook-helikopter ynset. Yn de nacht nei moandei hâldt de brânwacht patrûljes op de Boskplaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)