Fjoer by Bakkefean al út

10 apr 2009 - 16:12
  • De brânwacht 'fersûpt' de grûn
  • It wetter kaam fan de brânkraan by de kampearbuorkerij

De brân yn it natuergebiet by Bakkefean is ûnder kontrôle. Der binne gjin flammen mear. De brânwacht is noch oan it neiblussen. De heide by in bosk en in kampearbuorkerij by Bakkefean is swartblakere.

De brân is freedtemiddei nei alle gedachten ûntstien trochdat bern mei in fjoeroanstekker oan it boartsjen wiene. Der waard daliks grut alarm slein. Fiif brânwachtkorpsen giene op paad om de brân te bestriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)