Fjochtsjende manlju yn Snits

05 jun 2010 - 13:04

De plysje yn Snits hat freedtenacht in grutte groep fjochtsjende manlju útelkoar helle. Twa Snitsers fan 19 en 27 jier binne oanhâlden. De plysje krige in melding dat der op in parkearplak oan de Prins Hendrikkade in fjochtpartij wie. Plysjes troffen dêr in groep fan tritich man oan, wêrfan't tsien oan it fjochtsjen wiene.

Mei help fan in plysjehûn waarden de fjochtersbazen útelkoar helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)