Fjochtsjende Harnzers oppakt

22 jan 2011 - 13:17

Twa Harnzers binne freedtenacht oanhâlden nei't se inoar mishannelen en mei messen bedrigen. Ien Harnzer (51) foel yn in kafee oan de Foarstrjitte minsken lestich. Der ûntstie spul, wêrby't in twadde Harnzer (40) klappen útdielde. De 51-jierrige waard it kafee útset, mar kaam werom mei twa messen.

Foar it kafee bedrige hy minsken. Dy smieten in terrasstoel nei de man. Dy foel op de grûn wêrnei't de messen fan him ôfpakt waarden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)