Fjochtpartijen op de Nijstêd

05 apr 2009 - 14:33

By fjochtpartijen op de Nijstêd yn Ljouwert hat de plysje yn de nacht nei snein trije minsken oanholden. Yn in útgeansgelegenheid waard in famke (15) fan Snits oanholden nei't se in frou (23) út Ljouwert in kopstjit jûn hie.

Op datselde momint waard in man (30) mei in glês yn it gesicht slein troch in ynwenner (22) fan Doetinchem. De 30-jierrige hie in gat yn 'e holle. Letter waard noch in Eanjumer (30) oanholden. Hy wie yn in etalaazje fan in winkel oan it fjochtsjen mei in man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)