Fjochtpartij yn Rinsumageast

21 sep 2008 - 13:18

By in fjochtpartij yn in wente oan de Kapelle yn Rinsumageast binnen snein nei 05.00 oere fjouwer minsken ferwûne rekke. Fjouwer jonges fan 15 en 16 jier út Dokkum en omjouwing krigen rúzje. Dêrby waarden se skopt en slein troch inkelde noch ûnbekende jonges dy 't ek op it feestje wiene.

De fjouwer rekken licht ferwûne. Se ha har behannelje litten yn sikehûs de Sionsberg yn Dokkum. De plysje siket noch út wa't de oare jongens binne dy't by de fjochtpartij belutsen wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)