Fjochtpartij yn Quatrebras

25 okt 2004 - 10:05

In groep út Tytsjerk en in groep út Burgum binne sneintemoarn betiid mei inoar op 'e fûst rekke yn diskoteek Quatrebras oan de Ryksstrjitwei. De groep út Tytsjerk hie begjin dit jier in piratefeest hân yn Aldtsjerk. Dêr hiene se ek al lijen hân mei de Burgumers.

Yn de nacht nei snein troffen se inoar wer en draaide it wer op in fjochtpartij út. Trije 21-jierrigen en ien 28-jierrige út Burgum binne oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)