Fjochtpartij yn Noardwâlde

07 jun 2009 - 15:29

In ynwenner (44) fan Noardwâlde is yn de nacht fan sneon op snein oanholden. De man wurdt derfan fertocht dat er in plakgenoat (50) mishannele hat by in fjochtpartij op de Haadstrjitte. In tal buertgenoaten wie dêr mei-inoar op de fûst gong, nei't der skeel ûntstien wie oer lûdsoerlêst by in túnfeest.

De plysje hie earder al by de wenning west en hie de feestfierders frege it lûd leger te setten. Mei wat muoite en ynset fan de wapenstôk koe de plysje de fjochtsjende groepen útinoar helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)