Fjochtpartij yn Ljouwert

17 sep 2004 - 09:53

By fjochterij yn Ljouwert hat de plysje woansdei twa jonges (17 en 20) oppakt. Yn de Sleedoornstrjitte gienen twa groepen jongeren mei elkoar op 'e fûst. In bedriging fan Antillianen troch Ljouwerters earder op de jûn wie mooglik de oanlieding.

De Ljouwerters kamen mei kneppels en stokken op de Antillianen ôf. Der foelen gjin klappen. Letter kamen de Antillianen nei de Sleedoornstrjitte, dêr't beide groepen fochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)