Fjochtpartij yn Frjentsjer

25 apr 2010 - 13:11

Twa ynwenners fan Frjentsjer binne sneintemoarn yn de Vijverstrjitte oanhâlden foar fernieling en mislediging. De plysje krige melding fan in fjochtpartij. Doe't de aginten der oankamen seagen se dat in 25-jierrige man op in ploech jongerein ôfrûn. Hy swaaide mei in riem.

De man waard oanhâlden. Doe't dat barde skold in 18-jierrige jongen de plysjes út. Ek hy waard meinommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)