Fjochtpartij yn bus Harns

29 sep 2007 - 14:28

Nei in fjochtpartij yn in bus yn Harns hat de plysje in man út Minnertsgea (48) en de sjauffeur fan de bus oanhâlden. De Minnertsgeaster stapte ûnder ynfloed fan drank en drugs op de Waadpromenade yn de bus en krige spul mei de sjauffeur.

Fan beide kanten waard slein. De passazjier is nei it plysjeburo brocht, mar waard dêr net goed. Hy is nei it sikehûs brocht. De sjauffeur, út Ljouwert, is letter oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)