Fjochtpartij yn Berltsum

25 maaie 2008 - 14:28

Twa Stienzers fan 20 en 21 jier binne sneintemoarn betiid yn Berltsum oanholden troch de plysje. De twa wiene belutsen by in fjochtpartij tusken twa groepen yn in hoarekagelegenheid oan de Hofsleane.

Nettsjinsteande tuskenkomst fan meiwurkers en befeiligers holden de twa groepen spul. Se waarden dêrom nei bûten stjoerd, mar dêr bleau de sfear driigjend. De plysje trapearre de twa fertochten doe't se in portier fan de diskoteek oanfoelen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)