Fjochtpartij yn AZC Drachten gong om telefoan

01 okt 2015 - 10:35
  • In grut tal plysje-auto's by de fjochtpartij yn it AZC yn Drachten
  • Ien persoan rekke licht ferwûne

De grutte fjochtpartij tusken tsientallen jongeren op it terrein fan it AZC yn Drachten gie om in telefoan. Neffens de plysje hie ien fan de jonge asylsikers woansdeitemiddei de telefoan fan in oare asylsiker fuortsmiten. Doe't se mekoar jûns tsjinkamen op it AZC ûntstie de fjochterij.

Beiden krigen help fan freonen. De plysje wie gau oanwêzich en hâlde de trije grutste fjochtersbazen oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)