Fjochtpartij: tsjûgen socht

28 sep 2011 - 09:47

De plysje siket tsjûgen fan de grutte fjochtpartij fan sneontenacht by diskoteek Fire yn Ljouwert. In meiwurker sette in klant bûtendoar. Syn freonen wiene it der net mei iens, en der ûntstie in fjochtpartij mei hoarekameiwurkers. Plysjes dy't yngripe woene, waarden ek oanfallen.

Ien fan de fjochtersbazen besocht doe it fjoerwapen fan ien fan 'e plysjes te pakken. Der binne fjouwer manlju út Tsjummearrum en in Ljouwerter oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)