Fjochtpartij op stasjon Snits

06 feb 2010 - 12:09

By in fjochtpartij op it stasjon fan Snits is freedtejûn in 20-jierrige man fan It Heidenskip ferwûne rekke. De man stie mei freonen te wachtsjen op de trein, doe't trije manlju it perron oprûnen. De groep hie de trije earder op de dei moete yn it sintrum.

De trije begûnen fuortendaliks op de groep freonen yn te slaan. Dat duorre oant de trein kaam. De groep út It Heidenskip stapte gau yn. De trije fjochtersbazen bleaune doe stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)