Fjochtpartij op It Fean

27 apr 2013 - 11:49

In ynwenner (23) fan Wervershoof is freedtenacht ferwûne rekke by in fjochtpartij op de Abe Lenstra Boulevard op It Hearrenfean. De man waard skopt en slein en rekke út de tiid. It ambulânsepersoniel woe him dêrom nei it sikehûs bringe. Syn broer woe mei yn de ambulânse, mar dat koe net. Plysjeminsken woene him wol nei it sikehûs bringe, mar dat woe er net. Hy waard lulk en pakte ien fan de plysjeminsken by de kiel. De man is dêrop oanhâlden. Dit soarge foar konsternaasje by de omstanners. De fertochte is meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)