Fjochtpartij disko Skylge

04 jun 2011 - 14:29

De plysje hat op Skylge in 20-jierrige ynwenner fan Muntendam oppakt, fanwege belutsenheid by in fjochtpartij yn de wc fan in diskoteek. By dy fjochtpartij rekke in 19-jierrige man út IJmuiden ferwûne, hy soe mei in flesse op syn holle slein wêze.

De plysje tinkt dat in 18-jierrige man út Delfsyl dy klap útdield hat. Hy moat noch oanhâlden wurde. It slachtoffer is behannele troch in dokter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)