Fjochterij yn Snits

26 aug 2006 - 17:14

De plysje yn Snits hat yn de nacht nei sneon trije manlju fan 22 en 34 jier en twa froulju fan 20 en 22 jier oanhâlden. Alle fertochten binne ynwenners fan Snits. It fiiftal gie yn in hoarekagelegenheid oan de Wijde Noorderhorne mei inoar op de fûst.

Op it stuit dat de plysje derby kaam, wiene der sa'n tsien minsken mei inoar oan it fjochtsjen. Mei muoite wisten plysjeminsken de boel út inoar te heljen. De fertochten binne ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)