Fjochterij yn Snits

22 des 2012 - 14:14

In 17-jierrige ynwenner fan Snits is freedtenacht oanhâlden op fertinking fan mishanneling fan in 27-jierrige man út Renkum. Beide manlju wiene yn in diskoteek oan de Lytse Tsjerkestrjitte yn Snits. De Snitser soe neffens tsjûgen de man út Renkum tsjin de holle skopt hawwe, wylst dy op de grûn lei. It slachtoffer soe byin fjocthpartij op de grûn fallen wêze. Hy rekke licht ferwûne. De plysje stelt in ûndersyk yn.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)