Fjochterij yn Seisbierrum

18 mrt 2001 - 00:00

De plysje hat sneontenacht twa sjarzjes útfierd en twa persoanen oanhâlden. Sa'n tsien jongeren fochten yn Seisbierrum by it doarpshûs. Om noch ûndúdlike redenen krigen twa groepen spul mei elkoar.

De lieding fan it doarpshûs koe de groepen skiede en stjoerde in tal nei bûten ta. De útsettte jeugd woe perfoarst wer nei binnen. Nei it optreden fan de plysje waard it pas wer rêstich op it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)