Fjochterij yn restaurant

17 apr 2010 - 12:57

De plysje hat in 18-jierrige Lemster freed oanhâlden op fertinking fan mishanneling. Dat barde nei in melding dat yn in restaurant oan 'e Séwei op 'e Jouwer fochten waard. Der soe mei stuollen smiten wêze.

By oankomst fan 'e plysje wiene de fjochtersbazen al fuort. Op oanwizing fan tsjûgen is de Lemster oanhâlden. Hy is meinaam nei it plysjeburo foar ferhear. Der is oanjefte dien troch it restaurant en troch twa gasten fan 'e ytgelegenheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)