Fjochterij yn Ljouwert

20 jun 2010 - 12:27

Yn de Oude Doelesteeg yn Ljouwert hat sneontenacht in fjochtpartij west tusken twa manlju. In man út Ljouwert hie yn in kafee spul krigen mei in jonge út Harns. Dêrby foelen rake klappen. Ek doe't de beide manlju bûten wiene, gong de fjochtpartij noch troch. Dat waard sjoen op de bewakingskamera's fan de gemeente. Sadwaande wie de plysje der gau by.

De Ljouwerter is oanhâlden. In freon fan him siet ûnder it bloed en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)