Fjochterij yn Ljouwert

23 jun 2007 - 14:54

De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan freed op sneon trije persoanen oppakt foar mishanneling. In 22-jierrige man út Sweach smiet yn in kroech oan it Ruterskertier glêzen nei personiel. Ien krige glês op 'e rêch.

By de ôfhanneling fan dat ynsidint rekken foar de doar fan in oar kafee fyftjin persoanen slaande deilis. De groep is troch de plysje útelkoar helle. In Berltsumer en in Ljouwerter - beide 22 jier - binne oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)