Fjochterij yn Ljouwert

30 aug 2013 - 10:33
  • Geweld

Nei in fjochtpartij yn de Grote Hoogstraat yn Ljouwert hat de plysje tongersdeitenacht in man oanhâlden. Twa groepen hienen spul mei elkoar en ien man wie ferwûne rekke by fjochterij. Doe't de plysje de groepen skiede woe, woe ien man wer nei de oare groep ta. Hy luts him neat oan fan warskôgings. Doe hat de plysje him meinommen. Wa't hy is, siket de plysje noch út. Ek komt der ûndersyk nei de fertochte fan de mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)