Fjochterij yn kroech Ljouwert

26 des 2011 - 13:45

    In 22-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan sneon op snein yn in hoarekagelegenheid oan de Nijstêd yn inoar slein. In portier hie de plysje warskôge dat der in fjochterij yn de kroech wie. It slachtoffer krige safolle klappen dat hy nei de earste help moast. Hy rûn ferwûnings oan de holle, kniezings en in skuorde lippe op. De plysje hat trije fertochten oanhâlden. It giet om twa Ljouwerters fan 21 en in 24-jierrige man út Hoorn

    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)