Fjochterij yn Koatstertille

17 okt 2009 - 12:48

De plysje hat freedtejûn in 19-jierrige jonge út Koatstertille oanhâlden dy't in bewenner fan de Willem Lodewijkstrjitte út dat plak slein hie. De jonge hearde by in groep jongeren dy't him ferfelend gedroech.

Doe't de groep op it hiem fan ien fan de wenningen kaam, ûntstie in rûzje mei de bewenner. Dy krige klappen fan de 19-jierrige jonge. De fjochtersbaas is letter yn syn wenning oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)