Fjochterij yn Heech

30 jul 2010 - 09:43

De plysje ûndersiket in fjochterij yn Heech op tongersdeitejûn. Twa groepen wiene op stap yn in kafee oan De Syl. Dêr krige in 20-jierrige Rotterdammer in klap yn syn gesicht fan ien fan de oare groep. De Rotterdammer koe de plysje in goed sinjalemint jaan.

Op in camping yn 'e buert fûn de plysje de man. Hy wie mei de oaren fan 'e groep oan it diskusjearjen oer de fjochterij. De 22-jierrige man út Apeldoarn is oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)