Fjochterij yn Harns

28 aug 2009 - 10:07

Twa manlju út Harns binne oanhâlden fanwegen belutsenheid by in fjochtpartij yn Harns. Dy fjochterij wie tongersdeitenacht yn de Foarstrjitte.

In Harnzer (20) fernielde in rút fan in restaurant en waard oanhâlden. Ferskate minsken bemuoiden har mei de oanhâlding, wêrûnder in Harnzer (25). Om't er net fuortgean woe, waard ek hy oanhâlden. De twa binne oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)