Fjochterij yn Drachten

04 des 2011 - 13:49

Yn Drachten binne dit wykein twa jonges fan 17 en 19 jier út Sigerswâld oanhâlden. Se wiene belutsen by in fjochtpartij op de Noarderdwersfeart.

Doe't plysje de 19-jierrige oanhâlde om't er wegere op te hâlden mei fjochtsjen, begûn er de plysje te narjen. Syn 17-jierrige freon woe him helpe en besocht ien fan de plysjes te slaan. Beide jonges binne dêrop fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)