Fjochterij by training Fean

18 aug 2009 - 19:14
  • Paulo Henrique dielt klappen út op de training

Paulo Henrique en Bonaventure Kalou binne tiisdeitemiddei mei-inoar op 'e fûst gien op 'e training fan SC Hearrenfean. De beide spilers sloegen elkoar en Henrique joech Kalou ek in skop. Ploechgenoaten hellen it fjochtsjende koppel útinoar.

It ynsidint waard diels fêstlein troch RTV Noard-Hollân. Wêr't it skeel krekt oer gong is net dúdlik. Oft der maatregels tsjin de fjochtersbazen naam wurde is net bekend. By Hearrenfean wol net ien reagearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)