Fjochterij by Surhústerfean

08 des 2007 - 15:08

In rúzje tusken in groepke jongeren en de ynsittenden fan in bestelauto is freedtejûn finaal út de hân rûn. Op de Voerhuisterweg by Surhústerfean snijde de auto it groepke twa kear ôf.

Nei opmerkingen fan de jongeren sette de bestjoerder de auto oan de kant en sloech ien fan harren yn it gesicht. In oar dy't in foto fan it kenteken meitsje woe, waard slein en bedrige mei in mes. De plysje siket tsjûgen fan it insident.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)