Fjochterij op Skylge

31 jul 2011 - 15:35

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein op Skylge in 18-jierrige man út it Gelderske Maurik oanholden. De fertochte hearde by in groepke fakânsjegongers dat spul krigen hie mei in tal jongeren fan it eilân.

De plysje wist de twa groepen út elkoar te heljen. De man út Maurik joech ien fan de eilanners dochs noch in klap. Hy moast mei nei it buro, dêr't er proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)